Glêzen Hûs Snits: 28.000 euro

25 des 2012 - 13:07

De aksje foar Serious Request yn Snits hat goed 28.000 euro opsmiten. De Snitsers hiene it Glêzen Hûs fan 'e lanlike aksje, dat dit jier yn Enschede stie, yn lytser formaat neimakke en dêr ek DJ's muzyk draaie litten.

De aksje begûn sneon en is juster op krystjûn ôfsletten. Minsken koene jild nei it miny-Glêzen Hûs bringe. Doel fan Serious Request fan dit jier is de poppestjerte yn de wrâld te bestriden. Dêr is in rekôrbedrach fan goed 12 miljoen euro foar ophelle. Takom jier stiet it lanlike Glêzen Hûs yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)