Lutz Jacobi bêste politikus
PvdA-Twadde Keamerlid Lutz Jacobi is de Fryske politikus fan 2012. Dat docht bliken út in ferkiezing fan Omrop Fryslân. Fan de hûnderten reaksjes fûn 50% Lutz Jacobi de bêste Fryske politikus. CDA-er Joop Atsma waard twadde mei 46% fan de stimmen. Tredde waard PvdA-lieder Diederik Samsom.