Djoer krystfleis stellen

24 des 2012 - 16:41

By in slachterij yn Berltsum is moandei betiid op 'e moarn foar mear as hûndert kilo oan krystfleis stellen. De slachter soe it krekt dy dei by de klanten del bringe. It giet om de djoerdere stikken fleis lykas byfstikken en oksehazze. De dieders hawwe it fleis yn in kroade meinaam nei in auto dy't fierderop klear stie.

De skea rint yn de tûzenen euro's. De slachter hat syn klanten al betsjinje kinnen; troch help fan leveransiers is it slagge alle bestellings te plak te krijen.

Trefwurden: 
stellerij kryst plysjenijs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)