Tarieding Glêzen Hûs Ljouwert

24 des 2012 - 16:05

It duorret noch in jier mar de gemeente Ljouwert is dizze wike al folop dwaande mei de tariedings foar it Glêzen Hûs 2013 yn Ljouwert. Dit jier stiet Serious Request fan 3FM yn Enschede. Mei de kollega's dêr is al drok oerlis oer bygelyks de feilichheid.

Evenemintekoördinator Jan Stieber fan de gemeente Ljouwert is moandei mei in tal kollega's út Ljouwert ek yn Enschede, alwer foar de tredde kear. Om te sjen wat je fan in oare stêd leare kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)