Hege wetter noch gjin probleem

24 des 2012 - 15:55

It hege wetter hat yn Fryslân foarearst noch gjin gefaarlike situaasjes opsmiten. Benammen om 't der noch net in krêftige wyn út it westen stiet. Hjirtroch is der op dit stuit gjin risiko dat it wetter oer de kaden hinne komt. Ek net yn de risikogebieten.

Dochs hat Wetterskip Fryslân moandei út foarsoarch it Woudagemaal op 'e Lemmer yn wurking set, want it wetter stiet heech. De situaasje kin dêrneist hurd feroarje as de wyn oanhellet en nei it westen draait. It Wetterskip wol gjin werhelling fan de wetteroerlêst fan jannewaris dit jier.

It oansetten fan it Woudagemaal soe de rêding wêze kinne foar guon polders yn de Mieden by Tsjummearum. It giet om it gebiet dat mear as tsien sentimeter sakke is fanwege de sâltwinning. Wetterskip Fryslân hat op de leechste plakken de kaden wat ferhege, mar it wetter stiet no al wer tsjin de râne oan. Der wurdt fan útgien dat it no goed komt, mar dan moat it de kommende dagen droech bliuwe en de wyn moat net nei it westen draaie en foaral net oanlûke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)