Drokte by fersekerders

It is dizze wike de drokste tiid fan it jier foar de Fryske fersekeringsbedriuwen, lykas FBTO en soarchfersekerder De Friesland. As je feroarje wolle fan soarchpoalis, moat de âlde fersekering foar 1 jannewaris opsein wurde. Yn de krystfakânsje krije de fersekerders dêr in soad fragen oer. By de callcenters wurde dan ek wol twa kear safolle minsken ynset as oars.
Fierder sjogge de fersekerders in soad drokte op har ynternetsiden. Sy sizze dat dúdlik te fernimmen is, dat minsken in goedkeaper alternatyf sykje.