Brân yn bedriuw Easterwâlde

© ANP XTRA
Der hat yn de nacht fan snein op moandei brân west yn in bedriuwsgebou oan de Nanningawei yn Easterwâlde. De bewenner ûntduts it fjoer en warskôge de brânwacht. De korpsen fan Appelskea, Easterwâlde en Drachten waarden ynset om de brân te bestriden.
It bedriuwsgebou rûn flinke skea op. Yn it gebou stiene meardere motoaren. Dy koene op tiid nei bûten brocht wurde.