Dea keal dumpt by buorkerij

24 des 2012 - 10:49

Unbekenden hawwe yn de nacht fan freed op sneon in dea keal dumpt by de oprit fan in buorkerij oan de Poppenwiersterdyk yn Poppenwier. De bewenners seagen it kadaver sneontemoarn lizzen. It bist wie heechút in pear dagen âld en hie gjin earnûmers. Neffens de plysje is it keal op in oanhinger ferfierd.

Yn it gebiet binne al faker deade bisten dumpt. De plysje siket tsjûgen.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)