Goedkeaper trouwe op It Amelân

24 des 2012 - 10:36
  • It Amelân

De gemeente Amelân ferleget takom jier de tariven foar trouwen. Dit jier moast der foar trouwe op It Amelân it meast delteld wurde fan alle gemeenten yn Fryslân. Troch de wike wie dat 389 euro, yn it wykein 870 euro. Yn 2013 wurdt dat 239 euro troch de wike en hast 500 euro yn it wykein.

It eilân is populêr as troulokaasje. Dit jier waarden der sa'n 15 prosint mear houliken sletten. Mei de legere troutariven hopet de gemeente op noch mear troupearkes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)