Jorritsma kritysk oer steaten

24 des 2012 - 10:02
  • Provinsjale Steaten

Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma lûkt it himsels oan dat it provinsjebestjoer der it ôfrûne jier te min yn slagge is om grutte politike kwestjes goed troch provinsjale steaten te loadsen. It giet dan om kwestjes as Thialf en de Kulturele Haadstêd. Dat seit Joritsma moandei yn Omnium.

Oan de oare kant fynt Jorritsma dat provinsjale steaten har tefolle dwaande hâlde mei details, yn stee fan it gruttere belang. As gefolch fan beide ûntstie der hieltyd op 'e nij betizing en ferrûn de beslútfoarming dreech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)