Flyers wint by Herentals

© Nicolien Sijtsema
In treffer fan Andrew Krelove alve sekonden foar de ein besoarge de Friesland Flyers de twadde winst fan it wykein. Herentals waard yn België mei 5-4 ferslein. De perioadestannen: 1-2, 1-0 en 2-3. It wie in pittich duel mei in protte spanning en hast 280 strafminuten. Nei it einsinjaal gongen beide ploegen fierder mei in massale fjochtpartij. De Flyers stean kreas tredde. De ploech fan Chris Eimers komt dit jier noch ien kear yn aksje. Op snein 30 desimber stiet de útwedstriid tsjin koprinner Tilburch op it programma.