Kursus op Skylge oer natuer

23 des 2012 - 16:19
  • Bosk Skylge

Steatsboskbehear en de Waadferiening komme op Skylge mei in natuerkursus foar ûndernimmers. De âldere ûndernimmers witte noch in soad oer de kultuerhistoarje en de natuer fan it eilân, mar by de jongere ûndernimmers is dat minder. Toeristen ha wol ferlet fan sokke ynformaasje. De kursus fertelt oer wat der te sjen is by in kuier troch natuerterreinen. Mooglik komt sa'n kursus ek op de oare Waadeilannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)