Woudagemaal oan om reinwetter

Woudagemaal
It Wetterskip set moandei it Woudagemaal op 'e Lemmer yn wurking. Dat is nedich om alle delslach te ferwurkjen dy't al fallen is en noch foarsein wurdt. It wetter kin net fuortkomme by Dokkumer Nije Sil en Harns om't de stân fan it wetter al heech is op de Lauwersmar en op de Waadsee. It tefolle oan wetter kin ek by it Hooglandgemaal Starum de Iselmar op.
Belangstellenden kinne op Earste en Twadde Krystdei sjen by it Woudagemaal op 'e Lemmer. It is beide dagen iepen fan 10.00 oant 17.00 oere.