Drankriders oanhâlden

© ANP XTRA
De plysje hat sneontenacht trije bestjoerders fan de dyk helle om't se tefolle dronken hienen. Yn Ljouwert hâlde de plysje in bestjoerder (28) út de haadstêd oan. Hy ried sûnder ljocht en hie drank hân. Op de A7 by it klaverblêd Drachten miste in automobilist (37) út Hearrenfean de bocht. Hy kaam healweis it talúd ta stilstân. De plysje hat syn rydbewiis ynnaam om't er tefolle dronken hie. Ek in Garypster (23) is syn rydbewiis kwyt. De plysje bekeurde him sneintemoarn yn Burgum.