Johannes Rypma huldige

Johannes Rypma is sneon offisjeel huldige yn Blauhûs. It feest wie betocht en opset troch de doarpsbelangen fan Aldegea en Blauhûs. De seal siet grôtfol mei famylje, freonen en oare belangstellenden út beide doarpen. Johannes, dy't twadde waard by The Voice of Holland, krige in spesjale mikrofoan mei ynskripsje en in kado.
Johannes joech mei syn gitarist en drummer in optreden.