Goed jier foar cranberrys

23 des 2012 - 10:50

2012 wie in tige goed cranberry-jier. Dat meldt Steatsboskbehear op Skylge. Der wiene perfekte omstannichheden foar in massale groei fan de beien. De rispinge yn 2011 wie tige min.

Dit jier wiene de omstannichheden folle better. Fan 't maaitiid wie it goed wiet en nachtfroast wie der doe net. Dat soarge ek foar in goed klimaat foar hommels en bijen, wêrtroch't de bestowing fan de blommen optimaal wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)