Lantearnepeallen gean wer oan

© Omrop Fryslân
De gemeente Achtkarspelen set jûns en nachts de iepenbiere ferljochting yn de Haadstrjitten fan de doarpen wer oan. Om te ûndersykjen at it wat minder koe mei de iepenbiere ferljochting, hie de gemeente as proef de lantearnepeallen om en om útdien. De proef is noch net ôfrûn, dochs fynt de gemeente it better om fanwege de feiligens alle lantearnepeallen wer oan te setten.
Yn oerlis mei de ferskate pleatslik belangen wurdt no besjoen wêr't it ljocht bûten de Haadstrjitten út kin. Begjin takom jier wurdt begong mei nije proeven.