Aris ferliest fan Leiden

22 des 2012 - 23:34

De basketballers fan Aris hawwe sneontejûn de útwedstriid tsjin Leiden mei 72-58 ferlern. By it skoft holden beide ploegen mekoar noch aardich yn lykwicht (36-31). It ferskil waard troch Leiden makke yn it tredde kwart, doe rûn de gasthear út nei 15 punten ferskil (54-39).

Topskoarer by de Ljouwerters wie Whit Holcomb mei 20 punten. Troch de oerwinning is Leiden op likense hichte kaam mei koprinner Den Bosch. Aris bliuwt sechsde.

Trefwurden: 
Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)