Gouweleeuw wol nei AZ

Jeffrey Gouweleeuw giet derfan út dat hy SC Hearrenfean yn 'e winterstop ferlitte sil. De sintrale ferdigener stiet yn 'e ynteresse fan AZ. Technysk direkteur Johan Hansma befêstiget dat AZ him melden hat foar de jeugdynternasjonal.
It kontrakt fan Gouweleeuw rint noch ien jier troch. Hearrenfean hat him in oanbieding dien om syn kontrakt te ferlingen, mar dêr giet de ferdigener net op yn. "Ik ben toe aan nieuwe omgeving en AZ is een stap omhoog", sa seit Gouweleeuw yn in reaksje. "Als AZ en Heerenveen eruitkomen, ga ik naar Alkmaar."