Stroetinga klear foar NK

© awfoto.nl
Arjan Stroetinga is klear foar it NK maraton op keunstiis op twadde krystdei yn Utrecht. De fjouwerfâldich Nederlânsk kampioen út Waskemar wûn de alfde wedstriid om de KPN Maraton Cup yn Hoorn. Yn de massasprint wie er wer ris de rapste. Gary Hekman waard twadde, ploechmaat Ingmar Berga tredde. Foar Stroetinga wie it al wer de fjirde winst dit seizoen.
By de froulju waard Mariska Huisman winneres op har eigen thúsbaan. Foske Tamar van der Wal waard twadde, Carla Zielman fan Rottum tredde. Maria Sterk waard fjirde en Wieteke Cramer fiifde.
Foar Crispijn Ariëns einige de wedstriid yn Hoorn yn mineur. De Wolvegeaster foel en soe al betiid de wedstriid ferlitte mei in kromme reed. Dêrtroch helle er gjin punten en sadwaande kin er de prolongaasje fan de Cup-winst fan it ôfrûne seizoen wol ferjitte. Christijn Groeneveld bliuwt de lieder mei 259,2 punten, foar Arjan Stroetinga mei 205,4 punten en Crispijn Ariëns mei 198 punten. By de froulju bliuwt Mariska Huisman yn it liederspak mei 251,2 punten. Rixt Meijer is nûmer twa mei 204 punten.