Keur nije rjochtbankpresidint

Daan Keur is beneamd ta presidint fan de rjochtbank Noard-Nederlân. Dat is in fúzje fan de trije rjochtbanken yn Ljouwert, Grins en Assen. De nije rjochtbank begjint 1 jannewaris. It bestjoer fan de nije rjochtbank komt yn Grins en dat betsjut dat Ljouwert sûnt Napoleon gjin selsstannige rjochtbank mear hat. Neffens Daan Keur wienen de trije rjochtbanken te lyts. Troch dizze fúzje kinne alle saken yn Ljouwert foar de rjochter brocht wurde.