Tankstasjon wer oerfallen

22 des 2012 - 12:34

In tankstasjon oan it Oost yn Easterwâlde is freedtemiddei om kertier foar seizen oerfallen. In ûnbekende dieder kaam it tankstasjon yn en bedrige de meiwurker mei in mes en easke jild. Mei in ûnbekend jildbedrach is de oerfaller fuortdraafd rjochting de Poorthof. De oerfaller is in blanke man fan tusken de 1.70 en 1.80 lang en hie in griene jas oan. Hy hat brún hier dat ûnder de mûtse weikaam en hat gjin bril, burd of snor. De plysje siket tsjûgen fan de oerfal. In moanne lyn is it tankstasjon ek oerfallen en stie deselde meiwurker der.

Neffens de plysje is der gjin ferbân tusken beide oerfallen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)