Streupers op Grutte Brekken

© Omrop Fryslân, Jan Durk de Haan
De plysje hat freedtejûn twa fiskstreupers (21 en 22) fan De Lemmer oanhâlden. De plysje hie heard dat der op de Grutte Brekken streupt waard en fûn by ûndersyk netten oan. By it posten betrapen se de beide manlju doe't dy by de netten oan 'e gong wiene. By de oanhâlding die bliken dat dêr 12 snoekbearzen en 50 brazems en foarns wienen. De bisten libben noch en binne fuort weromset. De boat, motor en netten binne yn beslach nommen en tsjin de streupers wurdt proses-ferbaal opmakke.