Skier wol help by útbaggerjen

Skiermûntseach hopet op help fan Rykswettersteat foar it útbaggerjen fan de jachthaven. Sûnt 2007 mei de bagger út de haven net mear oan de eastkant fan de jachthaven op it Waad stoart wurde. Dêrfoar is doetiids in depot op it eilân makke. Mar dat is hast fol en it kostet de gemeente tefolle jild om it wer leech te meitsjen. Dêrom leit der al in alternatyf plan yn 'e mande mei Natuurmonumenten wêrby't de bagger brûkt wurdt om in kwelder by de jachthaven op te heegjen, mar dat keallet dreech en duorret te lang.
Om yn 2014 dochs baggerjen te kinnen, hopet it eilânbestjoer dat Rykswettersteat it wurk meinimme wol by it útdjipjen fan de grutte fargeul nei it eilân ta.