Lykspul Cambuur tsjin Volendam

21 des 2012 - 22:59

SC Cambuur hat de lêste wedstriid fan 2012 ôfsletten mei in 2-2 lykspul tsjin Volendam. Yn in kâld en wiet Cambuur stadion makken de beide ploegen der it bêste fan. Adnane Tighadouini sette Cambuur yn de 10e miút mei in moai skot op 1-0. Yn de 44e minút sette Jack Tuyp de 1-1 rêststân op it boerd. Yn de 61e minút kaam Volendam op foarsprong troch in frije traap fan Maikel van der Werff, mar in goeie minút letter bepaalde Michiel Hemmen mei syn 12e goal foar Cambuur de einstân op 2-2.

In terjochte útslach, want de wedstriid fertsjinne eins gjin winner of ferliezer. Cambuur einiget de earste kompetysjehelte op it 5e plak, mei 31 punten út 17 wedstriden. De twadde helte fan de kompetysje begjint foar de Ljouwerters op 18 jannewaris mei in útwedstriid tsjin Fortuna Sittard.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)