Bytsje minder besikers musea

De musea yn Fryslân hawwe oer it hast ôfrûne jier mei-inoar 825.000 besikers lutsen. Dat is wat minder as de topjierren 2010 en 2011, al sprekt de Museumfederaasje fan in stabyl jier. Grutste groeier wie it Skipfeartmuseum yn Snits. Dêr wie de taname fan it tal besikers mar leafst 50 persint. Dat kaam troch de nijbou. Ek it Natuermuseum en Tresoar, beide yn Ljouwert, hawwe in soad minsken oer de flier krigen. Musea dy't aktiviteiten organisearje en geregeld soargje foar nije presintaasjes lûke in protte publyk.