Takomst Marrit Leenstra ûnwis

21 des 2012 - 16:36
  • Marrit Leenstra is nasjonaal kampioene op de tûzen meter

Reedrydster Marrit Leenstra fan Wikel wit noch net wat se dwaan sil as de ploech dêr't se yn rydt, Team Van Veen, dermei ophâldt. Dy kâns bestiet omdat der, nettsjinsteande goeie prestaasjes dit seizoen op it NK ôfstannen en by de wrâldbekerwedstriden, noch hieltyd gjin sponsor fûn is. Coach Jan van Veen is bang dat it fan 1 jannewaris ôf mooglik dien is. Hy betellet mei de riders en de stêf no alle ûnkosten sels en dat kin sa net bliuwe fynt er. Sûnder jildsjitter liket de ein foar har ploech tichtby.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)