Geitefok twa jier koest hâlde

Aldjiersferiening De Geitefok út Aldeberkeap moat him de kommende twa jier koest hâlde en him net mear skuldich meitsje oan strafbere feiten. Allinnich dan wurdt it fuortheljen fan Olympyske ringen, in pear jier lyn yn Amsterdam, troch justysje seponearre. It iepenbier ministearje komt ta dit beslút nei't de ringen weromjûn wienen en in skeafergoeding betelle. De Geitefok hie de ringen by wize fan âldjiersstunt fan it Olympysk stadion yn Amsterdam helle.
It idee derachter wie dat de Olympyske Spelen yn 2028 wol yn Aldeberkeap hâlden wurde kinne en dat it Amsterdamske stadion dan net mear fan dizze tiid is.