Gjin wizigings by Hearrenfean

21 des 2012 - 15:19
  • Marco van Basten

SC Hearrenfean spilet sneon tsjin Vitesse yn deselde basisopstelling as yn it bekerduel tsjin Feyenoord. Dat betsjut dat Chris Kum opnij op de rjochtsefterposysje stiet. Pele van Anholt begjint dêrtroch op de bank.

Neffens Van Basten is de teloarstelling fan de bekerútskeakeling ferwurke en rjochtet syn ploech him no op de lêste kompetysjewedstriid foar de winterstop.

Vitesse hat mar 2 punten efterstân op koprinner PSV en is neffens Van Basten in titelkandidaat. "Dat wij nu op de 13e plaats staan, wil zeggen dat wij geen titelkandidaat zijn." As doelstelling foar de twadde seizoenshelte sei Van Basten dat hy him mei SC Hearrenfean op it linkerrychje rjochtsje wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)