50PLUS net by riedsferkiezings

21 des 2012 - 12:25

De politike partij 50PLUS docht yn Fryslân net mei oan de gemeenteriedsferkiezings fan takom jier en it jier dêrnei. 50PLUS wol oplûke mei lokale partijen dy't saken behertigje wolle, dy't foar de âldereinpartij fan belang binne. De partij wol ek wol kandidaten leverje foar de kieslisten fan de lokale partijen en helpe mei de ferkiezingskampanje. 50PLUS docht wol mei oan de earstfolgjende ferkiezings foar provinsjale steaten. De partij hat sitten yn acht provinsjes en yn de Earste en Twadde Keamer.

Trefwurden: 
50plus riedsferkiezings
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)