Buorman trapearret ynbrekkers

21 des 2012 - 11:10
  • Ynbraak

In ynwenner fan Ysbrechtum hat tongersdei nei alle gedachten foarkommen dat in hûs by him yn de buert leechstellen waard. De man die tongersdeitejûn wat yn in brievebus fan in hûs oan de Van Haersma Bumaleane. De bewenners wiene net thús, mar de doar stie wol iepen. Doe't de man dat ûntduts, rôp er wat, hearde er gestommel en seach doe twa manlju achter it hûs weikommen. Dy naaiden hurd út yn de rjochting fan it sportfjild flakby. De plysje hat om de ynbrekkers socht, mar koe se net fine. It is noch net bekend oft der wat stellen is.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)