Beleef Friesland fersoarget pr

It wurk fan promoasjeburo Fryslân Marketing wurdt fan 1 jannewaris ôf oernaam troch in nije stifting. It giet om Beleef Friesland. De stifting sil him dwaande hâlde mei de promoasje fan Fryslân yn binnen- en bûtenlân. Beleef Friesland sil dêryn gearwurkje mei Tourist Info Fryslân en de eardere VVV's. Foar Fryslân Marketing drige in fallisemint. Troch in akkoart te sluten mei de skuldeaskers is dat foarkommen. It wurk fan de stifting Beleef Friesland is tydlik.
De provinsje wol foar jannewaris 2014 in nije organisaasje opset ha foar de promoasje fan Fryslân.