Wurkgroep plannen Gytsjerk

Der komt in wurkgroep dy't plannen betinke moat om it sintrum fan Gytsjerk op te knappen. Hjiryn komme alle belangegroepen dy't mei it doarp te krijen hawwe. Fierder moat der socht wurde nei in plak foar it multifunksjoneel sintrum, want dat komt net yn de Fjouwersprong. Dat is ferkocht oan in ûndernimmer, dy't der bern mei in beheining yn opfange wol. It kolleezje wol dat fia in oanpassing yn it bestimmingsplan mooglik meitsje. Dat waard tongersdei stipe troch de ried fan Tytsjerksteradiel.
De wurkgroep komt ûnder lieding te stean fan doarpsbelang.