De Winter nije man Fryske Mole

Ald-wethâlder Bé de Winter fan de gemeente Skarsterlân is de nije foarsitter fan de stifting De Fryske Mole. De Winter is de opfolger fan Lodewijk Zwierstra. Dy is yntusken bestjoerslid fan de oerkoepeljende lanlike feriening De Hollandsche Molen. Stifting De Fryske Mole is mei 42 ryksmonumintale mûnen yn eigendom ien fan de grutste mûnestiftings yn Nederlân en de grutste yn Fryslân.