Opknapbeurt foar De Jouwer

Midstrjitte De Jouwer © Google Street View
De Jouwer wurdt de kommende jierren oantrekliker makke foar de ynwenner en de wettersporter. De provinsje Fryslân en gemeente Skarsterlân hawwe hjir tegearre 1,6 miljoen euro foar beskikber steld. It sintrum fan De Jouwer sil oanpakt wurde. Der komt yn de buert fan de haven ek in oanlisplak foar rûnfeartboaten en sil de Tolhúsbrêge ferhege wurde.
Uteinlik moat it yn de takomst mooglik wurde om fan de Kolk ôf nei it sintrum te farren. Nei alle gedachten sille de wurksumheden yn de maitiid fan 2014 begjinne.