Ljouwert groeit mar troch

20 des 2012 - 19:05

Ljouwert hat der yn 2012 goed 700 ynwenners by krigen. Op dit stuit wenje der krekt wat mear as 96.000 minsken yn Ljouwert. It is foar it sânde jier achter elkoar dat Ljouwert groeit mei 500 ynwenners of mear.

De reden dat der wer mear ynwenners bykommen binne is ûnder oare troch de bou fan trijehûndert wenningen en dat der wer mear minsken berne binne as dat der stoarn binne. Ljouwert is neffens de gemeente ek populêr troch it histoaryske karakter en de grutte tal studinten dat der wennet.  

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)