Twa krystdiners Reade Krús

It distrikt Fryslân fan it Reade Krús hat tongersdei twa krystdiners organisearre foar iensume âlderein yn de Van der Valk-hotels yn Hurdegaryp en Wolvegea. De dielnimmers oan it diner yn Hurdegaryp wiene kliïnten fan it besykprojekt fan it Reade Krús yn Noard-Fryslân.
In groeiende groep âlderein yn Ljouwert en omkriten krijt ien kear yn 'e wike besite fan in frijwilliger, dy't mei de âlderein kuiert of gesellich bypraat. Ek tsientallen studinten dogge as frijwilliger oan it projekt mei. Guon fan harren wiene ek by it diner.
It menu by it diner yn Hurdegaryp bestie út snert, in runderstoofpot en in neigesetsje fan iis en fruit. Der wie ek in kadootsje foar alle dielnimmers. Yn hiel Nederlân wurde mei-inoar sa'n 3.000 âlderen útnoege foar sa'n krystdiner. Foar in soad fan harren is it it iennichste útstapke mei de feestdagen.