SC Cambuur en FC Grins fierder

20 des 2012 - 14:57

Sportklup Cambuur en FC Grins hawwe it gearwurkingsferbân tusken beide klups mei in jier ferlingd. Der wie in oerienkomst fan trije jier, mar dy rûn nei dit seizoen ôf. Cambuur en Grins wurkje mei elkoar gear op it mêd fan de jeugdoplieding. De klups besjogge no per jier oft se fierder gean mei de gearwurking.

Yn Ljouwert binne twa jeugdteams fan de regionale fuotbaloplieding festige. De âldere talinten ferfolgje harren oplieding fan de B-junioaren ôf yn Grins.

Cambuur hopet noch altyd takom jier in eigen belofteteam te hawwen, mar dat stiet los fan de gearwurking mei Grins.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)