Cambuur wer rom yn spilers

20 des 2012 - 12:33

Cambuur hat foar de thúswedstriid freed tsjin Volendam de beskikking oer in hast folsleine seleksje. Allinnich Marco van der Heide is net beskikber. Tim Bakens en keeper Dennis Telgenkamp binne wer fit en dat jildt ek foar spits Michiel Hemmen. Cambuur trainer Alfons Arts woe noch gjin opstelling bekend meitsje. Der wurdt wintersk waar foarsein en Arts wol oan de hân fan de omstannichheden syn basis alvetal gearstalle. Nei de teloarstellende útskeakeling foar de beker wol Cambuur it jier 2012 goed ôfslute tsjin neiste konkurrint FC Volendam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)