'Nij eilân moat yn Noardsee'

20 des 2012 - 12:25

De Waadferiening sjocht neat yn in nij oan te lizzen Waadeilân mei in oerslachhaven. De provinsje Grinslân ûndersiket oft it in eigen Waadeilân oanlizze kin en soe dêroer kontakt hân hawwe mei natoerorganisaasjes, wêrûnder de Waadferiening.

Neffens direkteur Berkhuysen is der wol praat oer sa'n oerslacheilân, mar soe dat op de Noardsee tichtby de skipfeartrûte komme moatte. Op dat plak sjocht de Waadferiening foardielen fan in nij eilân. Grutte seeskippen hoege dan net mear troch it Waad en de Eems hoecht dan gjin djippe fargeul.

It nijs fan it nije Waadeilân stiet yn de krante Trouw fan tongersdei. In plak tusken Rottumereach en Borkum, dêr't Trouw it plan lokalisearret, is ûnakseptabel foar de Waadferiening, omdat it Waad dêr krekt tige kwetsber is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)