Reis nei Ljouwert stik dreger

20 des 2012 - 12:16

Skoalbern en studinten út de doarpen boppe Dokkum binne troch de nije tsjinstregeling fan Arriva folle mear tiid kwyt om yn Ljouwert of op It Hearrenfean te kommen. Omdat no ien kear yn 'e oere bussen ride yn plak fan trije kear, moatte in soad busreizgers earder fan hûs en ek earder fan 't bêd ôf.

Foar guon fan harren is de weromreis noch folle dreger. Heleen Hoek fan Hantumhuzen docht de MBO-oplieding D-drive yn Ljouwert. Se stapt moarns betiid yn Hantum op de bus, mar de bus werom giet net fierder as Holwert.

In soad busreizgers út Noardeast-Fryslân hawwe al by Arriva klage oer de nije tsjinstregeling. Dat jildt ek foar Jacqueline Lageveen, de mem fan Heleen Hoek. Guon bussjauffeurs fan Arriva binne ek kritysk oer de nije tsjinstregeling. Sy fine dat de frekwinsje fan de ritten yn de moarns- en de jûnsspits wer omheech moat, sadat benammen skoalbern en studinten wer makliker op skoalle en ek wer thús komme kinne.

Arriva sil takom moanne mei de provinsje om tafel om te sjen nei it iepenbier ferfier yn ús provinsje. Yn de earste oardel wike binne der in lyts 400 klachten fan reizigers kaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)