Oanhâldings nei wedstriid

20 des 2012 - 10:57

By de wedstriid Hearrenfean-Feyenoord binne woansdei seis supporters oanhâlden. In 25-jierrige Wolvegeaster hie yn de file in auto mei Feyenoordoanhingers deryn bekûgele en der tsjinoan skopt. In oare Hearrefeanman moast mei nei it buro om't er in falske namme opjûn hie.

Fjouwer Feyenoordsupporters binne arrestearre foar fernieling, bedriging, fjoerwurkbesit en it skeinen fan in lanlik stadionferbod. Yn ien fan 'e supportersbussen fan Feyenoord trof de plysje yllegaal fjoerwurk oan. De ME hat nei de wedstriid sjarzjes útfierd.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean ME Feyenoord
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)