Teaterstik klups Friese Meren

20 des 2012 - 07:49

Mei in mienskiplik teaterstik wurdt kommend jier besocht de sport- en kultuerferienings yn de nije gemeente Friese Meren, mei inoar yn de kunde te bringen. Yn tsien workshops foar de leden wurdt in teaterstik betocht dat yn de hjerst opfierd wurdt op de Brandemar. It projekt hjit 'Meer en meer'.

BUOG (Bedenkers en Uitvoerders van Ongewone Gebeurtenissen) sit achter de produksje. De Friese Meren ûntstiet op 1 jannewaris 2014 út Lemsterlân, Gaasterlân-Sleat en Skarsterlân. Op 11 jannewaris is der in earste foarljochtingsjûn oer it projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)