Aris wint fan Grins

19 des 2012 - 22:13

Winne fan de grutte konkurrint yn it Noarden bart net sa faak, mar woansdeitejûn helle Aris mei 78-71 in moaie oerwinning tsjin Grins. Yn sporthal It Kealledykje waarden de GasTerra Flames daliks yn it earste kwart op efterstân set: 25-16. Dy foarsprong koene de Ljouwerters yn it twadde kwart behâlde, want doe waard it 24-24. De Grinzers wûnen it tredde kwart mei 17-14, mar tichterby soene se net komme. It lêste kwart wie wer foar Aris mei 15-14. Jerrell Williams wie mei 21 punten de tûkste Aris-skutter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)