Elzesingels Dantumadiel klear
It projekt Lânskipsherstel Dantumadiel is klear. Wethâlder Bos plante woansdei de lêste elzebeam. Doel fan it projekt wie in bydrage te leverjen oan it elzesingellânskip fan de Noardlike Fryske Wâlden, ek bekroand as nasjonaal lânskip. Der is yn de ôfrûne trije jier mei-inoar 15 kilometer elzesingel opknapt mei help fan 50 frijwilligers.