Drokte by Fryske apteken

19 des 2012 - 21:42

De Fryske apteken hawwe it bysûnder drok op 't heden. In soad klanten bestelle en helje ekstra medisinen foar takom jier. De minsken dogge dat, omdat it eigen risiko yn 'e soarch takom jier omheech giet fan 220 nei 350 euro. Wa't no in foarriedsje opbout, hoecht takom jier pas letter in eigen bydrage te beteljen. By in soad apteken leit de omset wol 3 oant 4 kear sa heech as oars.

In trochsneed apteek ferwurket no tusken de 1400 oant 1500 resepten, wylst dat oars tusken de 300 oant 500 binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)