Frou (87) dea nei fal fan trep

Bloemkamp yn Boalsert © Johan Bouma/Frieslandactueel.nl
In demintearende bewenster fan ferpleechhûs Bloemkamp yn Boalsert is ôfrûne moandei stoarn nei in fal fan in needtrep. De frou wist ferline wike tongersdei yn har rolstoel de doar fan in treppenhal iepen te krijen en foel dêrnei fan in trep. Se rekke dêrtroch slim ferwûne en is nei it sikehûs brocht dêr't se moandei stoarn is. Meiwurkers fan Bloemkamp binne bot skrokken fan it ûngelok.
Der komt in ûnôfhinlik ûndersyk en alle flechtdoarren krije in swierdere klink. De Ynspeksje foar de Sûnenssoarch is ek op de hichte steld fan it ûngelok.