305 klachten foar Arriva

19 des 2012 - 11:30

Arriva hat yn de earste wike dat dy it iepenbier ferfier yn in grut part fan Fryslân docht 305 klachten krigen. Dat hat deputearre Jehannes Kramer woansdei sein yn de gearkomste fan provinsjale steaten. Hy die dat op fragen fan de ChristenUnie oer de problemen.

Kramer hat tasein dat der mei Arriva oerlein wurdt oer de klachten en dat der begjin jannewaris in oplossing lizze moat. Arriva fersoarget sûnt 9 desimber it iepenbier ferfier yn in grut part fan Fryslân. Yn de earste wike makken sa'n 175.000 minsken dêr gebrûk fan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)