Man rydt yn op mem en soan

19 des 2012 - 11:05
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

In ynwenner fan Easterwâlde wurdt der fan fertocht dat er yn syn wenplak op in frou en har soan ynriden is. De 44-jierrige man kaam de twa tiisdei op de Houtwâl tsjin. Omdat er mei hege snelheid en grut ljocht oan foarby kaam, stuts de soan syn middelfinger omheech. Dêrop ried de automobilist op de twa yn. Mem en soan koene noch krekt oan 'e kant springe om slimmer foar te kommen.

Omdat de twa it kenteken fan de auto wisten, koe de bestjoerder even letter yn syn hûs oanhâlden wurde. Hy is fêstset om ferheard te wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)