Trije dakleazen besmet mei TBC

zienn
Trije besikers fan de dei-opfang fan it Leger des Heils en de nachtopfang fan Zienn binne besmet rekke mei TBC. Se hawwe lykwols net sels besmetlik west. Dat hat de GGD bekend makke.
Dizze simmer hat in dakleaze trije wike yn Ljouwert tahâlden dy't achternei in besmetlike foarm fan TBC hie. Behalve de trije binne alve meiwurkers fan de opfang ek besmet rekke. Sy binne net siik wurden en kinne de ynfeksje net oerdrage. Se binen wol previntyf behannele mei medisinen.